Cambuur mist trije spilers

27 feb 2004 - 00:00

Cambuur Ljouwert moat trije wichtige basisspilers misse yn 'e noardelike derby tsjin en yn Emmen. Bernard Schuiteman is fan 'e wike blesseard rekke oan syn knibbel. Manuel Bölstler is sa't it no liket fjouwer wike útskeakele, ek mei knibbelproblemen.

Dominique van Dijk is ek noch net fit, mar sil nije wike wer meitraine. Schuiteman wurdt ferfongen troch Ties Heldens. Davy Veltman stiet foar it earst dit seizoen yn 'e basis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)