Straf foar de Ljouwerter Krante

27 feb 2004 - 00:00

De Ljouwerter Krante mei in heal jier lang gjin foto's mear meitsje yn de Ljouwerter rjochtbank. Dat waard tongersdei bekend makke troch de rjochtbank.

De Ljouwerter publisearre tongersdei op 'e foarside fan de earste edysje in foto makke by de rjochtsaak oer de ûntfiering fan Lusanne van der Gun. Op de foto is de dieder dúdlik te sjen. De rjochtbank hie foarôf bepaald dat de dieder net herkenber yn byld mocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)