Aisykjen foarearst tastien

© Omrop Fryslân
It ljipaaisykjen yn Fryslân kin foarearst trochgean. De rjochter yn Ljouwert docht noch gjin útspraak yn in rjochtsaak fan de Dierebeskerming en stichting Faunabeskerming tsjin de provinsje Fryslân.
De twa natuerbeskermingsorganisaasjes woene fia de rjochter in ferbod op it ljipaaisykjen ôftwinge, mar de rjochter wol earst neier ûndersyk nei de gefolgen fan it aaisykjen.