Rút boat Flylân stikken slein

26 feb 2004 - 00:00

Op de boat fan Flylân nei Harns is tongersdei in rút troch golfslach kapot slein. Twa froulike passazjiers rekken ferwûne. Ien rûn in ferwûning oan de holle op, de oare rekke troch it wetter ûnderkuolle en hie nekklachten. Beide binne oerbrocht nei it MCL yn Ljouwert.

De boat koe gewoan trochfarre. De passazjiers hiene allinnich wat lêst fan de kjeld. Yn Harns is de fearboat foar reparaasje út de feart nommen. De Koegelwieck naam de tsjinst oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)