Untfierder dreaun troch jildpine

© Omrop Fryslân
De ûntfierder fan Lusanne ferklearre tongersdei foar de rjochtbank dat er al sûnt begjin 2003 fan doel wie om it famke út Aldeberkeap te ûntfieren. Hy waard neffens eigen sizzen dreaun troch jildpine. De man easke koart nei de ûntfiering 200.000 euro fan 'e alders fan Lusanne, mar krige dat jild net.
Likegoed krige de ûntfierder al koart nei de kipnap spyt fan syn die, sa sei er. "Ik ben geen ontvoerder, daar ben ik een nummertje te klein voor."