Lusanne koart nei kidnap sjoen

26 feb 2004 - 00:00

Lusanne van der Gun út Aldeberkeap waard al oardel oere nei de ûntfiering yn augustus ferline jier yn Ljouwert sjoen troch in frachtautosjauffeur. Dat waard tongersdei bekend by de rjochtsaak tsjin de 64-jierrige ûnderfierder út Ryptsjerk.

De ûntfierder wie doe mei har ûnderweis nei Ryptsjerk, dêr't er fan auto wiksele. De sjauffeur fûn it wol apart om in famke te sjen mei tape op 'e mûle, mar sloech gjin alarm.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)