Eksperimint doarpsbus mislearre

26 feb 2004 - 00:00

It eksperimint mei de doarpsbus tusken Drachten, De Pein, Nijegea en Aldegea wurdt staakt. De bus is net rindabel. It tal passazjiers is sûnt it begjin fan de proef yn desimber allinnich mar sakke. Reden foar Arriva, de gemeente Smellingerlân en de provinsje om der ein febrewaris mei op te hâlden.

De doarpsbus ried fjouwer dagen yn de wike, twa ritten deis. De minsken binne no wer oanwiisd op de reguliere belbus. De Doarpsbelangen binne teloarsteld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)