Ungemakken troch glêde diken

© Omrop Fryslân
Snie en glêde diken hawwe yn de nacht fan woansdei op tongersdei en op tongersdeitemoarn yn hiel Fryslân foar problemen soarge. Op de measte plakken moast it ferkear stadich ride.
Op ferskate plakken hawwe ûngelokken west. Yn De Pein binne twa minsken ferwûne rekke trochdat in auto slipte en in fytser skampte. De bestjoerder en de fytser binne nei it sikehûs brocht. Ek op oare plakken rekken auto's fan de dyk. Dêrby wie allinnich blikskea.