Untfierder wolkom yn Ryptsjerk

© Omrop Fryslân
De ûntfierder fan Lusanne van der Gun hoecht nei syn finzenisstraf net om te sjen nei in oar wenplak. Foarsitter De Jong fan Doarpsbelang Ryptsjerk seit dat de man wer gewoan as doarpsbewenner akseptearre wurde sil.
Neffens de partner fan de ûntfierder soe de man ta syn misdied kommen wêze nei in hertoperaasje. Dat soe syn karakter slim feroare ha. Tongersdei tsjinnet yn Ljouwert de rjochtsaak tsjin de 63-jierrige Ryptsjerker.