Jeugdparlemint yn provinsjehûs

© Omrop Fryslân
Jongeren ha besit naam fan it provinsjehûs. Dêr wurdt de kommende 3 dagen it 13e Frysk Jeugdparlemint hâlden. 80 learlingen fan 9 middelbere skoallen moatte in bestimming fine foar 2500 euro dy't se ta beskikking krigen ha. Doel is om de polityk tichter by de jongeren te bringen.
Neist it Jeugdparlemint is der ek in fototentoanstelling te sjen. Allochtoane bern ha foto's makke fan typysk Nederlânske dingen.