Opfolger Van der Velde fan bûten

25 feb 2004 - 00:00

Sportklub Hearrenfean siket bûten de klub in opfolger fan foarsitter Riemer van der Velde. Dat seit de foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen fan de klub, Bart van der Meer. Hearrenfean hat in brief oan de sponsors en meiwurkers stjoerd wêryn de easken foar de nije foarsitter stean.

Riemer van der Velde leit yn 2006 syn foarsittershammer del. Mooglike ynterne kandidaten, Tjisse Wallendal en Yme Kuiper, falle ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)