Stikkers tsjin wyldpisjen

25 feb 2004 - 00:00

'Voorkom gezeik op straat. Leeg uw blaas voordat u naar buiten gaat.' It heart nuver, mar op It Hearrenfean komme stikkers mei dizze tekst. Se hingje yn de hoareka-gelegenheden dêr.

De stikkers moatte it wyldpisjen tsjingean. It pleatsen fan in iepenbier húske leit foar de hân, mar dreech út te fieren. Fral wêr't se stean moatte, levert problemen op. En it is ek te djoer. Troch de stikker hopet de gemeente op in feroaring yn it gedrach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)