Ynfal Winsum om 'e nocht

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei foar neat Winsum ôfsletten. Se wienen op syk nei in himpplantaazje. Justysje wie tipt dat dy der by lânboumeganisaasjebedriuw Greidanus wêze soe.
In ploech fan 16 plysjeminsken stienen klear om by Greidanus binnen te fallen. Se fûnen inkeld wat spikerbroeken, lampen en teddybearen. Greidanus is bot skrokken fan de plysjeaksje. Hy is lilk en wol in skeaklaim yntsjinje by justysje.