Japanske riders sûnder redens

© Omrop Fryslân
Japnske reedriders kinne har net tariede op de wrâldbekerfinale dy't kommend wykein op It Hearrenfean hâlden wurdt. In diel fan de ploech hat gjin redens om't de bagaazje noch net op Skiphol oankaam is. De trener hat noed oer syn riders om't it programma yn de hobbel is.
Ek de Amerikaanske ploech, mei Jennifer Rodriguez en Derek Parra, koe pas tiisdei nei Nederlân komme. Har eardere flucht gie fanwegen de snie net troch.