'Friezen moatte mear fytse'

25 feb 2004 - 00:00

Ek Friezen dy't fierder fan it wurk ôf wenje, moatte faker op de fyts. Dat fynt it provinsjebestjoer. Ut ûndersyk docht bliken dat Friezen no yn 30 persint fan de gefallen de fyts pakke. Lanlik is dat 5 persint minder.

De provinsje wol de wichtige fytspaden fan de doarpen nei de stêden ferbetterje, bygelyks troch de tegels te ferfangen troch asfalt. Dêrtroch moat it tal fytsers tanimme. Ek de feiligens foar fytsers wurdt ferbettere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)