Goed jier foar Accell

25 feb 2004 - 00:00

Accell op It Hearrenfean hat yn 2003 35 prosint mear winst makke. It fabryk makket fytsen foar Batavus, Sparta en Koga Miyata. De nettowinst wie 9,2 miljoen euro. Fral djoerdere fytsen binne mear ferkocht. Troch de moaie simmer gienen minsken faker te fytsen.

Ek de oername fan it Finske Tunturi hie in positive ynfloed. Accell profitearre ek fan de goedkeape dollar en Japanse yen. Dêrtroch hoegde it fabryk minder út te jaan oan fytsûnderdielen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)