Kontener foar jeugd Ljouwert

25 feb 2004 - 00:00

Jongerein út Camminghaburen krijt in moetingsplak op in parkearterrein bûten de Ljouwerter wyk. Dat is de útkomst fan oerlis tusken jongerein, âlden, plysje, wykpanel en de gemeente. Op it parkearplak by de fuotbalklubs Nicator, Lions en Flamengo komt in kontener.

De groep fan sa'n 50 kaam earder faak by elkoar oan de Holdingastate yn de wyk. Omwenners klagen oer oerlêst. As it goed giet, bliuwt de kontener op syn minst fiif jier op it plak stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)