Warskôgingssysteem swimbaden

24 feb 2004 - 00:00

Swimbaden moatte in systeem ha dat warskôget as in swimmer driget te ferdrinken. De Stichting Zwembadkeur fynt dat alle swimbaden dat ha moatte, mar de Fryske swimbaden fine it systeem te djoer. It kostet goed in euroton. Kaartsjes soenen flink djoerder wurde.

Sa'n systeem soe in oanfolling wêze foar badmasters. Der wurdt besjoen oft it nije systeem ynboud wurde kin yn it nije bad dat yn Ljouwert komt as ferfanging fan it Kealledykje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)