Untslaggen by Plusfood

24 feb 2004 - 00:00

By Plusfood yn Easterwâlde ferdwine 45 fan de 260 banen. It giet om 30 twongen ûntslaggen. Fyftjin âldere meiwurkers kinne der mei in regeling út. Der ferdwine fral hegere funksjes by it bedriuw dat earder bekend wie as Friki.

Benammen troch konkurrinsje út it bûtenlân moat Plusfood flink besunigje. Foarich jier draaide it bedriuw mei ien miljoen euro ferlies. De fakbûnen sizze yn earste reaksje net ferrast te wêzen troch it nijs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)