Proef mei húskes by lisplakken

24 feb 2004 - 00:00

Húskes by lisplakken moatte wettersporters út de boskjes hâlde. De Marrekrite begjint mei in proef op twa lokaasjes. Ien derfan is De Leijen by Drachten. Der binne no hielendal gjin foarsjennings. Fral eilantsjes yn de Súdwesthoeke fersmoargje simmers troch boatsjeminsken dy't har wetter kwyt moatte.

De proef moat útwize of it pleatsen fan húskes op mear plakken helber is. It jild dêrfoar is der noch net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)