Pech foar Pieter Weening

© Omrop Fryslân
It sit hurdfytser Pieter Weening net mei. De 22-jierrige fytser fan De Harkema is dit jier foar it earst beropshurdfytser fan de Rabobank. Mar hy sit thús wylst er wedstriden ride moatte soe yn Italië, Frankryk en België.
In falpartij, in ûntstekking oan it bil en de kjeld ha syn linkerknibbel de lêste wiken gjin goed dien. Kommende snein stiet Kuurne-Brussel-Kuurne op it programma, mar sûnder Pieter Weening.