Jouster drige justysjemeiwurker

© Omrop Fryslân
In Jouster (39) hat in boete fan 1000 euro en 3 wike sel op betingst krigen foar bedriging fan in offisier fan justysje. De man bedrige augustus ferline jier de Swolse offisier fan justysje Duijts tillefoanysk mei de dea. De Jouster wie oerémis fanwege in fâldijsaak.
Der is op it stuit in protte diskusje oer de feiligens fan oanklagers. Justysje naam feilichheidsmaatregels nei it drigemint fan 'e Jouster.