Minskehannelers oanholden

23 feb 2004 - 00:00

Fjouwer ynwenners fan Roemenië binne oanhâlden yn Amsterdam, op fertinking fan minskehannel. Dat barde nei ûndersyk fan de Fryske plysje.

It prostitúsjeteam fan de plysje Fryslân kaam de trije manlju en ien frou op it spoar doe't fiif Roemeeske froulju oanjefte dienen. Sy waarden twongen te wurkjen yn de prostitúsje. De Roemenen binne ferline wike foarlaat en wurde de kommende tiid fêsthâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)