Súkses foar Fryske toulûkers

© Omrop Fryslân
By de WK toulûken yn Skotlân ha de Nederlânske teams it goed dien. De manlju hellen brûns, de froulju goud (klasse swier) en sulver (licht).
De manlju hellen knap it tredde plak. It team bestie folslein út Friezen, fan ferienings út Tsjommearum, Menaam en It Heidenskip. De lichte froulju ferlearen snein krekt fan Japan. Yn dy seleksje sieten ûnder mear de Friezen Maaike Hornstra, Gerda van der Wal en Fiona van der Velde.