Passazjiers ferfelend op boat

23 feb 2004 - 00:00

Sa'n tritich passazjiers ha sneintejûn op de boat fan It Amelân nei Holwert de boel yn 'e bulten jage. De groep, fuotballers en supporters fan Wergea dy't te folle dronken hiene, soe mei glêzen smiten ha en passazjiers mei messen bedrige ha. Guon passazjiers flechten it autodek op.

De rederij wol oanjefte dwaan by de plysje. Neffens de Wergeasters ha se har net netsjes gedroegen, mar hat der fan bedriging gjin sprake west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)