Kast makket toer noch ôf

© Omrop Fryslân
De Kast makket de al plande optredens ôf oant de simmer ta. Ofrûne freed waard bekend dat de band der mei ophâldt. Undúdik wie doe noch hoe't it mei de al boekte konserten komme soe. Yn oerlis mei it boekingskantoar hawwe de bandleden besletten dy optredens wol trochgean te litten.
Op 4 july is it alderlêste konsert fan De Kast. Dat is yn De Teatertún yn Riis. It wurdt in semy-akoestysk middeisoptreden.