Twa swierferwûnen by ûngelok

23 feb 2004 - 00:00

Twa jonge ynwenners fan Easterwâlde binne snein swierferwûne rekke by in autoûngelok yn har wenplak. De auto dêr't de 18-jierrige jonge en syn 17-jierrige froulike passazjier yn sieten, rekke by De Drie Tolhekken fan 'e dyk ôf en botste op in beam.

De bestjoerder is mei ynwendich letsel oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten. It famke wie sa swier ferwûne dat se nei it Akademysk Sikehûs yn Grins oerbrocht is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)