Soli Brass nei Concertgebouw

22 feb 2004 - 00:00

Foar brassband Soli Brass fan Ljouwert brekke spannende dagen oan. Woansdei jout it orkest op útnoeging in konsert yn de grutte seal fan it Concertgebouw yn Amsterdam.

Der binne net in soad Fryske orkesten dy't yn it Concertgebouw stien hawwe. Soli Brass sil in lunchkonsert jaan, dat fergees tagonklik is. Under lieding fan Piet Visser bringt it orkest ûnder mear English Heritage en parten fan Porgy and Bess.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)