Fryske Boekewiken út ein set

22 feb 2004 - 00:00

Mei in Boekefeest yn Theater Romein yn Ljouwert binne sneon de Fryske Boekewiken út ein set. Der binne dit jier safolle literêre aktiviteiten dat de boekewike útwreide is ta Fryske Boekewiken. Dy rinne oant 6 maart ta.

Jetske Bilker skreau dit jier it boekewikegeskink. Op fertoan dêrfan kin op skrikkelsnein fergees reizge wurde yn de treinen fan Noordned. Dyselde dei is yn Amsterdam in grutte manifestaasje mei Fryske skriuwers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)