Mysterieuze dea yn Aldebiltsyl

21 feb 2004 - 00:00

De plysje jout moandei útslútsel oer de dea fan in ynwenner fan Aldebiltsyl. Yn it doarp binne fermoedens dat it slachtoffer mooglik fermoarde is. De man soe kontakten yn 'e drugswrâld hawwe. De plysje giet lykwols foarearst út fan selsmoard om't der gjin oanwizings binne fan in misdriuw.

It lyk waard ôfrûne tongersdeitemoarn betiid fûn troch in kuierder. De dea fan 'e ynwenner soarge foar in soad opskuor yn it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)