Swimbadkwestje Eaststellingwerf

21 feb 2004 - 00:00

De rie fan Eaststellingwerf hâldt op 2 maart in ekstra gearkomste oer de Stichting Zwembaden Ooststellingwerf. It stichtingsbestjoer stapte koartlyn op, om't de gemeente te lang die oer it ferlienen fan subsydzje. Foar't it nije bestjoer beneamd wurdt, moat de rie dúdlikens jaan oer de taak fan dat bestjoer.

It swimbad yn Appelskea wurdt mooglik privatisearre en de beide sporthallen yn de gemeente wurde yn behear jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)