Fytse foar handikapte sporters

21 feb 2004 - 00:00

Jongeren fan de hurdrydklub fan it Hearrenfean sille fan 't simmer yn Frankryk jild byinoar fytse foar handikapte sporters. Dat dogge se op inisjatyf fan de Rotaryklub fan Oranjewâld en it Hearrenfean. De tocht einiget mei de beklimming fan de Alpe d'Huez.

De tocht moat 50.000 euro opsmite. Dat jild moat byinoar brocht wurde troch sponsors. Dêrom wie der sneon yn iisstadion Thialf op it Fean in aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)