"Soarchstelsel definityf oars"

© Omrop Fryslân
De kâns dat it soarchstelsel definityf feroaret hat noch net earder sa grut west as no. Dat sei âld-kommissaris fan de keninginne Wiegel, no foarsitter fan soarchfersekerders Nederlân, freed by de presintaasje fan it gedenkboek "Een zegenrijke sociale taak," fan soarfersekerder De Friesland.
Wiegel warskôget de politisy dat se wol each hâlde moatte foar alles wat der de lêste 100 jier opboud is, no't it soarchstelsel feroare wurdt.