Oare taak foar Flechtlingewurk

21 feb 2004 - 00:00

Flechtlingewurk Noardwest-Fryslân riedt har op de takomst: de frijwilligers sille útprosedearre asylsikers begeliede moatte yn de reis werom nei har thúslân. Dat is in grutte tsjinstelling mei de taak sa as se dy oant no ta wend wiene: it helpen mei de yntegraasje fan de flechtlingen. Yn de nije fyzje fan de stifting stiet dat flechtlingewurk 'binnen de wetlike kaders opfang en begelieding regelje wol foar asylsikers'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)