Bou gemeentehûs Menaam sjit op

© Omrop Fryslân
It heechste punt by de bou fan it nije gemeentehûs fan Menameradiel is berikt. De riedsleden krigen freed alfêst in earste rûnlieding. It sjit goed op mei de bou, de oannimmer leit mear leafst fiif wiken foar op skema.
Dat komt benammen om't der oant no ta gjin winter west hast, en der dus gjin froastferlet ynsteld hoegde te wurden. It gemeentehûs moat begjin oktober fan dit jier klear wêze.