2000 fans by Dewi-optreden

20 feb 2004 - 00:00

Hast 2000 fans kamen tongersdeitejûn ôf op it optreden fan Dewi by de Mediamarkt yn Ljouwert. De Idols-finaliste fan 2003 wie dêr om har nije cd bekendheid te jaan en om hantekens út te dielen.

Dat de Friezinne ek yn de eigen provinsje tige populêr is, wie te sjen oan de grutte belangstelling dy't der, foaral fan jonge fans, wie. De measte fans binne sa'n 10 jier. It optreden fan mar in healoere ferrûn goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)