Bou yn Makkum stillein

20 feb 2004 - 00:00

De bou fan it appertemintekompleks oan de Lieuwkemastrjitte yn Makkum is troch de rjochter stillein. Acht omwenners hawwe beswiermakke tsjin it gebou, benammen fanwege de hichte fan mar leafst 12 meter.

Njonken de supermerk fan Kooistra wurde der ek 24 apparteminten foar senioaren yn ûnderbrocht. Sa'n gebou past net yn it bestimmingsplan. Omwenners hawwe de ûntheffing oanfochten by de rjochter en dy hat de bou no skorst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)