Grûneigners posityf oer fytspaad

© Omrop Fryslân
De wurkgroep dy't in fytspaad hawwe wol tusken Grou en Warten hat de grûneigners op de rûte frege hoe't se foar sa'n fytspaad oer steane. Dy reagearren allegear posityf. It moat in rekreatyf fytspaad wurde by de dyk tusken Grou en Warten del.
Wethâlder Jonkers fan Boarnsterhim besiket dat te bewurkstelligjen by de provinsje. De wurkgroep Fytspaad Leechlân is al langer yn aksje foar in fytspaad tusken beide doarpen.