Komboerd Twizel mei ferpleatst

© Omrop Fryslân
It beboude-komboerd op de Rykswei yn Twizel kin ferpleatst wurde. Dat seit de FNP yn Achtkarspelen. De fraksje hat de wetlike bepalings besjoen en seit no dat it komboerd ferpleatst wurde mei.
Dat soe ta gefolch ha dat fjouwer húshâldens oan de Rykswei wer by Koatsterstille hearre dêr't ek har postadres is. No falle de huzen ûnder Twizel en dat smyt allegear problemen op. It snelheidsboerd soe neffens de FNP wol stean bliuwe moatte.