Hege wurkleazens yn Noarden

20 feb 2004 - 00:00

Yn it Noarden komme hieltyd mear wurkleazen. De ôfrûne trije moanne binne der 15.000 wurkleazen bykommen. Yn Fryslân, Grinslân en Drinte hawwe no hast 90.000 minsken gjin wurk. Dat is mear as it lanlike gemiddelde.

Yn Fryslân hat 12% fan de berops- befolking gjin wurk. Ljouwert springt der yn it Noarden negatyf út. De Fryske haadstêd hat in wurkleazenspersintaazje fan hast 17 prosint, it heechste fan de grutte gemeenten yn Noard-Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)