De Kast ropt fans op ta rêst

19 feb 2004 - 00:00

Popgroep De Kast ropt de fans op om har wat rêstiger te gedragen yn it teater. De fans meitsje faak in protte leven en meie ek graach dûnsje. Dat steurt oare teatergongers, dy't rêstich fan de muzyk genietsje wolle.

Op www.dekast.nl wurdt de fans frege om begryp te hawwen foar it oare publyk en har in bytsje rêstich te hâlden. Mar dy fans ha der wol muoite mei. Foar it oerlibjen fan de band is de teatertour lykwols tige wichtich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)