Fryske keunstners nei Den Haach

19 feb 2004 - 00:00

In groep Fryske keunstners reizge tongersdei mei in grut skilderij nei de Twadde Keamer yn Den Haach. De keunstners, dy't gearwurkje mei de aksjegroep Comité Van Harte Pardon, woene dêrmei protestearje tsjin it útsetbelied fan it kabinet Balkenende.

Benammen fregen se omtinken foar it lot fan asylsikersbern. Want dy binne de slimste slachtoffers fine se. Op it 40 kante meter grutte doek steane de portretten fan 200 asylsikersbern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)