Oere Fryslân by Deutschlandfunk

© Omrop Fryslân
De Dútse nasjonale radiostjoerder Deutschlandfunk stjoert no sneon in dokumintêre fan in oere oer Fryslân út. Programmamakker Fritz Schütte prate foar it programma ûnder oare mei Eislauflegende Jeen van den Berg, studinte Aaltsje Malda en forins Jetze Nagel, dy't foar syn wurk alle dagen oer de Ofslútdyk reizget.
Yn it programma, dat om 11.00 oere begjint, is muzyk te hearren fan Reboelje en it Klaske Kamstra Combo.