Gemeentelogo net foar elkenien

© Omrop Fryslân
De fraksje fan GrienLinks yn Menameradiel fynt dat it gemeentelogo net mear te pas en te ûnpas brûkt wurde mei troch organisaasjes yn de gemeente. Neffens GrienLinks liket it der dan te folle op dat it gemeentebestjoer achter it belied fan de organisaasje sit.
It logo, in styllearde ienhoarn, wurdt û.o. brûkt troch Gemeentebelangen, de kommersjele klup Menameradiel en in tal sportferienings. GrienLinks hopet foar it stânpunt op stipe fan oare partijen.