Tsjûgen Snakkerbuorren socht

18 feb 2004 - 00:00

De plysje siket tsjûgen yn ferbân mei de fynst fan it lichem fan in man (53) út Assen, moandei yn de Dokkumer Ie by Snakkerbuorren. It giet om minsken dy't freed of yn it wykein by of op de wenboat fan 'e man west ha. Twa besikers binne ûnderwilens heard en wer frijlitten. In fertochte frou (44) sit noch fêst.

It buertûndersyk is klear en de gegevens wurde op 't stuit ferwurke. It ûndersyksteam bliuwt op sterkte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)