Muorre útbrekke yn Waachgebou

18 feb 2004 - 00:00

De nije útbater fan de Waach yn it sintrum fan Ljouwert mei in muorre yn it histoaryske gebou trochbrekke. De gemeente hat dêr tastimming foar jûn. Reden is dat it húske fan binnenút net te berikken is en klanten no noch bûtendoar om moatte.

It fiat fan de gemeente is bysûnder omdat it Waachgebou oan 'e Nijstêd in Ryksmonumint is. It gebou mei hoarekabestimming stiet al 8 jier leech. De nije útbater is de Coffee Club.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)