Ritsma herstelt goed

© Omrop Fryslân
It giet wol knap mei Rintje Ritsma. Hy herstelt goed fan de operaasje oan de skonk. De Lemster traint dizze wike al op it iis yn Inzell. Mooglik rydt er dit seizoen noch in wedstriid.
De âld-wrâldkampioen bruts fan it simmer de kûtbonke. Nei't er him yn jannewaris net pleatste foar it WK, liet er in izeren pin fuorthelje. Ritsma tekent nei alle gedachte noch in jier by TVM by. Dêrnei besjocht er oft er trochgiet yn it Olympysk jier 2006.