Unyk doek út 1750 as behang

17 feb 2004 - 00:00

Yn in hûs oan de Iebuert yn Ljouwert wurdt âld behang restaurearre. It giet om beskildere linnen, in unyk doek foar it Noarden. It opknappen fan it doek mei blommen en bisten derop kostet 50.000 euro en wurdt foar in part út subsydzjes betelle.

It doek kaam yn 1974 by in ferbouwing foar it ljocht. It is yn 1750 skildere troch de Ljouwerter skilder Stroband. Mei it doek is de keamer yn de oarspronklike steat werombrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)