Nij ûndersyk pensjonhâldster

17 feb 2004 - 00:00

De pensjonhâldster (58) út Eanjum dy't fêstsit fanwegen dûbele moard, moat op 'e nij psychysk ûndersocht wurde. Dat hat de rjochtbank fan Ljouwert tiisdei bepaald. De rjochtbank bûgde him oer ferlinging fan tbs. Se brocht yn 1997 twa mannen om it libben en bedobbe de liken by har op it hiem.

De Eanjumse is yn 1998 feroardiele ta seis jier sel en tbs. De rjochters ha de saak oant 27 april oanhâlden. Dan is it nije psychyske ûndersyk klear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)