Partikulieren biede opfang oan

© Omrop Fryslân
Flechtlingewurk Fryslân krijt in soad telefoantsjes fan minsken dy't útprosedearre asylsikers opfange wolle. Ek by Respons, in stichting dy't him dwaande hâldt mei needopfang, komme oanbiedingen fan partikulieren binnen.
Respons warskôget foar de gefolgen fan it ferlienen fan ûnderdak. De Twadde Keamer stimde tiisdei oer it útsetbeleid fan minister Verdonk. Se wol binnen trije jier 26.000 asylsikers útsette.